Yn it 400ste bertejier fan Gysbert Japicx (1603-1666) dichte Hindrik van der Meer syn Ode oan Gysbert Japicx. In ode, in lofliet oan de skoalmaster/dichter fan Boalsert. It begjint sa:

Hy dy’t syn wurken oan’t papier betroude
om’t hy wol ynseach – him deroer besaude –
syn taal ferwaaie soe ta jisk’ of moude
as men net boude.

Nóch jout jo grutte namme ynspiraasje
oan dichtersfolk út eltse generaasje
foar rymlerije as ferdivedaasje
of argewaasje.

No sitte der oan wurken yn keunst en kultuer yn’e regel twa kanten. It earste is dat wat de makker der (mooglijk) mei sizze wol. Mar dat hoecht net needsaaklikerwize itselde te wêzen as wat de taskôger of de lêzer of de harker deryn sjocht of heart. Dy kin nammentlik ek syn eigen ynterpretaasje deroan jaan.

Sa fergong it my by it lêzen fan dit gedicht. Winliken wie it sa dat ik even op’e ferkearde foet stie. Ik lies it gewoan net goed. Jo stiet gewoan mei in lytse letter j skreaun. Ik hie, nei it meidwaan oan de safolse Kairos Kursus, in oare werlikheid yn gedachten. Dêryn giet it oer de Skepper (oer wa’t Gysbert ek  dichte hat) dy’t it bestean fan in ferskaat fan folken oer hiel de ierde foar eagen hat. En de keningen fan al dy folken sille ienris ‘har skatten der [it nije Jeruzalem] yndrage’. Dat kinst lêze yn Iepenbiering 21:24.

Wat dy skatten binne? Gjin idee. Of dochs… It soe moaie keunst wêze kinne dy’t yn de talen fan dy folken fêstlein is. Gedichten fan Gysbert bygelyks. Faaks ek in inkele preek, der’t in letter poëzij yn stiet. Bylden, muzyk. Yn alle gefallen: kwaliteiten.

Sa besjoen kinne wy dus jo ek gewoan troch Jo ferfange. Dat is wat ik der yn’t earstoan yn lies. En dan krijt de ode in oare diminsje:

Dat guon fan ús har slop en sleau ferbrekke
dat pommeranten faak ús taal net sprekke
har skamte mei in pompeblêd bedekke
dat soe Jo stekke.

De dei rint lykwols noch net nei de jûne
gâns poëzij sit der noch yn ‘e mûne
de taal klinkt eltse oere eltse stûne
sa’t Jo ’t graach woene.